Teake

In liettekst oer in histoarysk figuer fan no.

Jeroen Seinstra hat net allinne alle nûmers foar it Tiidmasine-album komponearre, hy skreau sels ek foar twa ferskes de teksten. En as it om de Fryske skiednis giet, koe kabaretier en komyk Teake van der Meer wat Jeroen oanbelanget absolút net ûntbrekke. 

Teake van der Meer wie in Frysk kabaretier en komyk. Hy waard ek wol "Lytse Teake fan 'e Westereen" neamd. Hy wie ferneamd yn Fryslân om syn typkes en de komyske situaasjes dy 't er sketste. Al syn programma's wiene yn it Frysk en hy hat meardere platen en cd's makke mei dêrop syn programma's. 

Ûnderdiel fan it libben

Op de fraach wêrom ‘t hy in tekst oer Teake skriuwe woe, antwurdet Jeroen: “Tsja, Teake… Ik wit noch dat ik as lyts jonkje âlde platen of bandsjes lústere by maten thús. En dan hiel, hiel lûd laitsje fansels! En eins fûn elkenien it geweldich. Us pake en beppe, heit en mem gongen ek wol nei syn optredens ta. Op jierdeifeestjes by de famylje kamen grapkes fan Teake faak meardere kearen foarby. It ferbûn ús, oer allegear generaasjes hinne wie hy der gewoan altyd ‘by’ om samar te sizzen. Hy makke ûnderdiel út fan alle fazen fan myn libben, sûnder dat ik him koe,” fertelt Jeroen.

Histoarysk figuer fan no

Dêrneist fûn Jeroen it wichtich dat der ek oer resintere persoanen in tekst op it Tiidmasine-album kaam. “Ik gie by mysels nei: Wa binne eins de histoaryske figueren fan no? De minsken dêr't wy letter oan werom tinke? En sa kaam ik al hiel gau út by Teake. Want dêr sille wy oer safolle jier noch altyd oan werom tinke en oer fertelle,” fertelt Jeroen. En wy jouwe Jeroen gjin ûngelyk. Want ast fyftich jier (!) lang by alle doarpshuzen en skouboargen fan Fryslân del gien bist, dan bist yndie gewoan in hiel wichtich ûnderdiel fan de Fryske skiednis. 

Op’e kofje by Teake

Yn 2020 makke Jeroen mei de Hûnekop de Fryske blockbusterfilm Stjer. En fansels hienen se ek Teake foar in sêne frege. “En sa siet ik ynienen tegearre mei Emiel op 'e kofje by Teake yn 'e Westereen. Hy hie syn kostúm, mei jurk en alles, al oan doe’t wy dêr kamen,” fertelt Jeroen. “Wy hawwe in prachtig petear hân en it grappige wie: hy koe de Hûnekop ek. It wie him wol allegear wat te rûch trouwens, ús muzyk, mar hy fûn it moai wat wy dienen. Dat fûnen wy fansels machtich om te hearren en tagelyk wie it ek frjemd, ​​omdatst sels al jierren nei him harkest.”

Ofskiedstournee 

Teake wie doe mei syn ôfskiedstoernee dwaande, mar dy waard spitigernôch stillein troch koroana. “Hy fertelde dat er hiel graach noch in kear by alle doarpshuzen en úthoeken del woe dêr’t er ea spile hat. En ik sei fansels dat ik, hoe dan ek, noch in kear nei in show fan him komme woe. Spitigernôch hat er de ôfskiedstoernee nea ôfmeitsje kinnen, syn lêste optreden wie dus eins yn de film," fertelt Jeroen. Teake ferstoar datselde jier yn desimber op 83-jierrige leeftiid oan kanker. 

Jeroen Seinstra - Teake

It nûmer dat Jeroen skreau is in earbetoan oan de man dy't hiel Fryslân de soargen even ferjitte liet sa gau as hy it poadium opstapte. Mar nettsjinsteande dat hy alle wiken wer op it poadium klom, hold Teake eins hielendal net sa fan alle oandacht.

“Elkenien efkes de soargen ferjitte litte, dat wie it alderbelangrykste foar Teake. De seal lake him slop. Mar as de minsken útklapt wiene, pakte er de koffer wer yn en ried er nei hûs. En oerdei wie er gewoan wer boufakker. It wie echt in hiel bysûnder man. In ikoan," sa seit Jeroen. 

De foto waard makke yn in leech Zalen Schaaf, dêr’t Teake eartiids meardere kearen de hiele seal de bûsen útskuorren die. 

Oare tema's:

webside makke troch studio