Kneppelfreed

Dizze Slach op it Saailân yn Ljouwert gie oer taal en oer wat taal foar minsken betsjut.

Jehannes Reitsma is dosint Nederlânsk en taal fassinearret him. It koe dêrom hast ek net oars as dat er foar Tiidmasine in tekst skreau oer Kneppelfreed. Dizze Slach op it Saailân yn Ljouwert gie oer taal en oer wat taal foar minsken betsjut. Kneppelfreed is no mear as 70 jier lyn, mar troch wat der dy dei barde meie we no Frysk prate yn de rjochtbank.

It begûn mei taal

Feedokter Sjirk van der Brug moast him yn oktober 1951 ferantwurdzje foar de rjochter op It Hearrenfean om’t er in boete foar in ferkearsoertrêding krigen hie. “En dat ferdigenjen, dat die er yn it Frysk fansels. Want as Fries yn Fryslân, fûn er dat er himsels yn it Frysk ferdigenje mocht. Mar dêr tocht de rjochter oars oer," fertelt Jehannes. 

‘De veearts bleef stug Fries spreken’ 

Rjochter Wolthers sei dat Van der Brug perfoarst Nederlânsk prate moast. Oars soe er net harkje.Mar de feedokter bleau fansels stûf Frysk praten," fertelt Jehannes. En dus ûnderbruts  Wolthers de sitting. Hy soe tenei de wurden fan Van der Burg allinne meiwaagje litte  as er se yn it Nederlânsk útspruts.” Mar dat wie noch net alles. Ien fan de sjoernalisten dy't ferslach die fan de sitting, adjunkt-haadredakteur Fedde Schurer fan de Heerenveense Koerier, hie argewaasje oer de hâlding fan de rjochter. Yn syn eagen wegere dy de taal fan it folk te ferstean. Hy kaam dus op foar de taal fan de feedokter, en syn wapen wie de pinne. Hy skreau nammentlik in fantastysk artikel oer dit hiele foarfal,” fertelt Jehannes. En fanwege dat artikel moast Schurer him dêrnei sels ferantwurdzje yn de rjochtbank. 

Kneppelfreed

“Geniaal, want dat wie fansels presys wat er woe, " fertelt Jehannes. "De saak krige in ôfgryslik soad oandacht, troch dat artikel dat elkenien lêzen hie fansels." Op 16 novimber 1951, de dei dat Fedde Schurer hearde dat er twa wiken de finzenis yn moast, sammele in hiele kloft minsken har op it Saailân foar de rjochtbank: sjoernalisten, benijde Friezen en fansels demonstranten. Sy kamen op foar Schurer en benammen: foar de Fryske taal. De LC skreau in dei letter: ‘De slach op it Saailân’. En om’t de plysje kneppels ynsette waard dizze dei letter, ûnder oare troch Schurer, Kneppelfreed neamd. 

Fiif jier letter kaam der in wet dy't minsken it rjocht joech om Frysk te praten yn de rjochtseal. En dy wet jildt noch altyd. Kneppelfreed wie letterlik in striid foar de Fryske taal. 

“Em dêrom jout it sa moai it belang fan taal oan. Taal komt rjocht út it hert, dêrom is it sa wichtich,” sa seit Jehannes.

De les begjinne mei in Fryske siswize

Dat Jehannes syn memmetaal - syn taal fan it hert - Frysk is blykt wol út it petear. Want nettsjinsteande dat er les jout yn Gouda, set hy alle lessen útein mei in Fryske siswize. “It Frysk hat sokke moaie siswizen, mar dy brûke we eins te min. Dêrneist sizze siswizenin hiel protte oer taal, mar ek oer it libben. Se freegje my wolris wêrom’t dat no sa wichtich foar my is, dat Frysk? En dat is omdat it ûnderdiel is fan wa't ik bin. Dat is hiel wichtich. En dat besykje ik út te dragen. En dêr giet Kneppelfreed fansels ek oer: datst wêze kinst wa'tst bist. En taal heart by dy, is dêr in hiel wichtich ûnderdiel fan. "

Fannemoarn wie de siswize: ‘Pikerje net, it komt dochs oars.’ 

Jehannes Reitsma - Kneppelfreed

Jehannes hopet dat it nûmer dat makke wurdt by syn tekst passet by it gefoel fan Kneppelfreed. In gefoel fan fier, oerein en grutsk. Lyksa as wy Friezen binne. "Mar dat lit ik los. Ik hear it fansels." 

Tsja, net te folle oer neitinke, it komt dochs oars! ;) 

We hearre it ynkoarten. 

Leuke tip: Sjoch hjir yn de krante fan 1951 foar it oarspronklike artikel fan Fedde Schurer: ‘De laatste man van de Zwarte Hoop?’ 

Oare tema's:

webside makke troch studio