Goddeloaze Singel
In liettekst oer in singel eastlik fan it Fryske doarp Feanwâlden.
Jehannes Reitsma komt út Damwald en gie nei de Rockacademie yn Tilburg om't er graach muzyk meitsje woe. In hiel ein fuort dus. Oan de Rockacademie hat er songwriting studearre en úteinlik is hy ek ôfstudearre as muzykdosint. Op dit stuit is er dosint Nederlânsk en wennet er yn Gouda.
Dêrneist is er altyd muzyk meitsjen bleaun, mar eins altyd yn it Ingelsk. "Of it moast in nûmer foar myn beppe wêze, dan gie dat fansels yn it Frysk", fertelt Jehannes. Uteinlik begûn er it Frysk mear te wurdearjen. “Ik fiel my noch altyd hiel bot thús by it Frysk. Ik gie dan wol fuort út Fryslân, mar Fryslân giet nea út my wei.”
Hoe kaamst by dit projekt?
De driuw om wer mear yn it Frysk te dwaan waard de ôfrûne tiid hieltyd grutter. Yn koroanatiid stjoerde in freon fan Jehannes, dy't ek muzyk makket, wat yn it Frysk op dat er thús makke hie. “Dat wie it begjin fan ús Frysktalige band Fegebart. En doe't myn suster my in skoft lyn tafallich wiisde op it projekt Tiidmasine, tocht ik: dit moat sa wêze. Ik gean derfoar.”
Op ûndersyk
Frysk prate is ien ding, mar skriuwe is fan in hiel oar nivo. “Ik kin yn it Frysk folle better sizze wat ik wol. Mar yn tekst haw ik de taal noch net hielendal yn ’e macht. Dat is wol efkes wat oars.” En sa stoartte de dosint Nederlânsk him yn koroanatiid hielendal yn sawol de Fryske taal as de Fryske skiednis. “It wie in moaie bezichhyd yn sa‘n rare tiid. Ast dy ferdjippest yn eat dat fan ús allegearre is, fielst dy dochs mear ferbûn.”
Efterstefoaren op in ezel
Der binne ferskate spûkferhalen oer sawol de singel as it tolhûs en brechje dat de Skilige Piip hjit. “Yn petear mei myn suster kamen wy ek al ridlik gau op de Goddeloaze Singel. It hat altyd in soarte fan driigjend plak west yn ús buert. Sa geane der ferhalen oer in man dy't dêr in skat bedobbe. En omdat er de eagen der net ôf hâlde woe, ried er efterstefoaren op syn ezel fuort. En ja, dat byld bliuwt dy dochs by.... En ast dêr dan rinst, dan tinkst oan dizze man, efterstefoaren, op syn ezel. Doe't ik dêr as lyts jonkje rûn, mar no noch hieltyd,” fertelt Jehannes. “Dy ferhalen bliuwe hingjen en komme ta libben ast dêr rinst. Dat fyn ik sa moai oan skiednis. It fergiet nea.”
De tekst dy't Jehannes skreau giet oer dizze man, dy’t himsels hielendal ferliest yn dat ferhaal, of yn syn waan. "We witte fansels net wat der echt bard is, mar dat der eat net yn 'e heak wie, dat is wol dúdlik. Dat gefoel sprekt ek hiel bot út de tekst."
En ja, in singel dy‘t de ‘Goddeloaze Singel’ hjit, dat fûn er stikem ek gewoan hiel grappich.