Hearen fan it fean
Kensto eins it ferhaal fan de turfstekkers? En fan it ûntstean fan de namme fan it Hearrenfean?
Koos Tiemersma (70) is in skriuwer dy 't yn it Frysk publisearret. Tiemersma waard berne yn in boerehúshâlding. Hy folge in oplieding ta learaar en wurke yn it basisûnderwiis te Kollumersweach. Tsjintwurdich wennet er yn Drachten. Nei in beskieden karriêre yn de muzyk - hy wie ûnder oare de oprjochter fan de Fryske groep Skift (1992 -1999) - lei er him ta op it skriuwen. Foar Tiidmasine skreau er in liettekst oer ‘de Hearen fan it Fean’.
It Hearrenfean is it âldste feankanaaldoarp fan Nederlân. Doe’t de ‘hearen van it fean’ yn 1551 de Skoatterlânske Feankompanjy oprjochten, waard de basis fan it ‘Friese Haagje’, sa’t It Hearrenfean ek wol neamd wurdt, lein. Om de turf ôf te fieren waard ûnder mear de Hearresleat groeven. It graven fan dit kanaal barde op inisjatyf fan trije hearen: Pieter van Dekema, Johan van Cuyck en Floris Foeyts. Dêrmei is de konsintraasje fan hannel en middenstân ûntstien.
En dêr komt ek de namme It Hearrenfean wei; de hearen fan it fean en de feanwinning. ‘It byldsje fan 'e turfgraver by de Turfrûte docht my altyd tinken oan de tiid fan doe. Hoe hurd der wurke is, faak foar in hongerlean,’ fertelt Koos.
Wêrom dit tema?
‘De lêste tiid sjochst in soad berjochtjouwing oer moderne slavernij,’ fertelt Koos. ‘Jonge pakketbesoargers mei in ferskuorrend hege wurkdruk, mar ek flechtlingen, yllegalen en arbeidsmigranten dy’t ûnderbetelle wurde, om mar te swijen fan de beroerde húsfêsting dêr’t se it mei dwaan moatte. It jout oan dat slavernij fan alle tiden is. En sa moast ik, doe’t ik de oprop foar Tiidmasine seach, eins drekt tinke oan de hearen fan it fean, bazen dy’t yn myn liettekst foar alle bazen fan alle tiden steane, en dan benammen deselden dy’t allinnich mar út binne op eigen gewin. De situaasje no is suver fergelykber mei dy tiid. Minsken moasten hurd wurkje foar lju dy’t der foaral séls riker fan wurde woene.’
‘De skiednis werhellet him altyd wer’
Oer skiednis sprutsen: tsjintwurdich befreget Koos syn eigen mem gauris oer eardere tiden. Se is 94 en hat sa'n soad meimakke,’ seit Koos. ‘Fan wat âlderen fertelle, kinne wy noch in soad opstekke. It wichtichste is wol dat dizze tiid fan ûnwissichheid net unyk is, dêr kom ik alle kearen wer achter. Sa fûn ik as jonge by ús op 'e souder ris in molkbus mei teepûdsjes. Dy hie ús mem destiids ynkocht foar it gefal dat Ruslân nei Hongarije yn ‘56 ek ús lân binnenfalle soe. Tsjintwurdich is Oekraine oan ’e beurt, de skiednis werhellet him altyd wer.’
As Koos yn de tiidmasine stappe koe...
‘Ik soe net werom wolle, mar just foarút yn de tiid. Wêr krije de generaasjes nei ús mei te meitsjen? Hoe geane se om mei de údagingen dy’t der grif komme sille? Miskien stiet Fryslân oer 60 jier wol ûnder wetter, je witte it net,’ seit Koos.
Dat witte wy yndied net. Wol kinst yn 'e roman ‘Under Wetter’, in roman dy’t Koos yn 2009 útbrocht, alfêst yn de takomst fan it Fryske lân sjen. ‘It is 2065. Fryslân wurdt yn it ramt fan in wrâldwiid klimaatakkoart weromjûn oan it stiigjende seewetter. De âlde keninginne Amalia hellet de bonken fan har foarâlden út de Grutte Tsjerke, rûnom hearsket ferfal en binne der rellen. It folk moat nei Dútslân of Poalen, foar’t de diken trochstutsen wurde…,’ sa stiet der op it omslach fan it boek.