Wat is it.

Tiidmasine

TIIDMASINE siket ferhalen fan of oer Friezen út it ferline. Yn dit muzykprojekt wolle wy gewoane minsken nijsgjirrich meitsje nei Fryske skiednis. Dat dogge wy troch persoanlike ferhalen te bringen oer de gewoane man en frou yn dy skiednis, ferpakt yn tagonklike muzyk yn it Frysk. Sa kinne minsken troch wat âlds, tagelyk wat nijs ûntdekke en troch wat nijs tagelyk wat âlds.

It ontstean

By de drok besochte edysje fan IepenUP Live ‘Wâldpiken vs klaaikluten’ brainstormen dielnimmers yn in kenniskwis oer it Frysk, sûnder dat se dat yn de gaten hiene. In antwurd op de fraach hoe’t we mear te witten komme kinne oer ús eigen skiednis, wie oanlieding foar Tiidmasine, in muzykprojekt yn it ramt fan Arcadia. Want safolle as wy leare oer de Nederlânske en de wrâldskiednis, sa’n bytsje witte de measte ynwenners fan Fryslân oer it ferline fan harren eigen provinsje. 

It team

It team dat de TIIDMASINE draaiende hâldt bestiet út:
Theo van 't Veer
Jeroen Seinstra
Femke Wijbenga
Douwe Zeldenrust

De band

Klaas bos

op'e bas

Jacob wijnsma

op'e toetsen

Mark

op'e drums

webside makke troch studio