Douwe Dykstra, opgroeid yn 'e Súdwesthoeke, is muzikaal teätermakker. Hy hat earder yn keunstnerskollektyf Heksenhamer sitten. It kollektyf hie ferskate acts, lykas Douwe Dijkstra en de sneue vertoning en Skeve Hindoe. Foar Tiidmasine skreau Douwe in tekst oer de Alvestêdetocht.
Konseptueel teatermakker
Op de fraach wêr’t Douwe syn inspiraasje foar it skriuwen fan teksten wei hellet, fertelt der: “Ik wurkje in hiel soad út konsepten wei, by Skeve Hindoe wie it tema ‘ferlichting’ en by Douwe Dijkstra en de sneue vertoning wie it tema ‘de dea’. Dêrnei dûk ik dan hielendal yn sa 'n tema. Of eins giet dat fansels, want it is faak in tema dêr 't ik dan op dat stuit yn ynteressere bin.”
Mear fokus op it Frysk
De ôfrûne tiid skriuwt Douwe hieltyd faker Fryske nûmers. Op de fraach hoe 't dat komt, seit er: “Ja, ik tink dat ik hieltyd tichter by mysels kom. En dêr is it Frysk dochs in hiel wichtich ûnderdiel fan. Ik bin begûn op myn santjinde, mei metal yn it Ingelsk. Mei Heksenhamer gienen we oer op it Nederlânsk en de lêste tiid fielt it hieltyd logysker om dingen yn it Frysk te dwaan. It is ek krekt wa’tst ‘bist’ op dit stuit. En it fielt as is dit wa 't ik no bin.Tichter nei mysels. Oare dingen fiele minder logysk. En mooglik is it oer in skoftke wol Dútsk. Of Fitnameeks," laket er. “Mar no is it Frysk.”
De Mount Everest fan Fryslân
De Alvestêdetocht is neffens Douwe ek in soarte fan konsept. It is de Mount Everest fan Fryslân, allinnich dan kinst him mar ien kear yn de safolle jier beklimme. En dan ek nochris mar in pear dagen. “Dat makket it super ûngrypber en dêrom ek sa spannend. Dêrneist binne minsken oan de iene kant hiel entûsjast, mar oan de oare kant giet it oer neat oars as beferzen noazen, brutsen bonken en dus eins 'it ôfsjen'. Dat komt ek hiel moai nei foaren yn in dokumintêre fan Andere Tijden Sport dy’t ik sjoeng ha oer de Tocht fan 1963. En dat kontrast, dat minsken by de dea ôf oer de finish komme, mar dat we it oan de oare kant nearne oars oer ha kinne, dat fyn ik hiel nijsgjirrich.”
In moai idee: de Mount Everest yn Nepal, dy is der altyd. Mar de Alvestêdetocht yn Fryslân, dy riist op en is wer fuort. Dat makket it sa grotesk. En as it dan safier is? Ja, dan giet it oan.
Hast de tocht ea sels riden?
“Nee, nee. Doe 't ik tretjin jier âld wie ha ik him wolris sjoen. Dat ferjit ik nea.” Fansels moasten wy him even oan 'e tosk fiele oft er him dan no, as it nûmer aanst útkomt, noch ride sil. Want dat kin fansels eins net oars. “Haha ja kutsoai,, dêr is no fansels gjin ûntkommen mear oan! It is ek wol echt sa dat it fan binnenút fielt as oft je it dwaan moatte. As Fries. Nuver is dat. Mar ik tink dat dat in bytsje op deselde wize ferrinne sil as hoe 't de haadpersoan fan myn tekst it ûnderfynt."
It personaazje yn syn tekst, dy 't de Alvestêdetocht rydt, fielt dat kontrast hiel sterk. Oan de iene kant it gefoel: dit moat ik dwaan. Oan de oare kant: wêrom bin ik hjir ea oan begûn? Dat sil Douwe aanst ek tinke wannear't er him dus ea ride sil.
As Douwe yn de tiidmasine stappe koe…
“Dan soe ik nei de tiid, in hiel ein foar it krusigjen fan Jezus wolle. Dêr is nammentlik ek in fiktyf boek oer,” fertelt Douwe. It boek dêr’t hy it oer hat hat hjit "Lamb, the gospel according to Biff, Christ’s childhood pall" en is skreaun fanút it perspektyf fan de bêste freon fan Jezus wei. It is nammentlik bêst bysûnder dat Jezus allinnich bekend is fan syn berte én tusken syn tritichste en trijentritichste libbensjier. Oer de tiid dêrtusken yn is eins neat bekend. Wat hat er yn dy tiid dien? Hoe wie syn jeugd? Hat Jezus eartiids ek ûndogens west? “En dêr, yn dy tiid, soe ik dus hiel graach ris sjen wolle. De tiid fan Jezus dêr 't net safolle oer skreaun is,” fertelt Douwe. “De tiid foardat er de Bibelske figuer waard. De pubertiid fan Jezus, om sa mar te sizzen. Dat is dochs bearenijsgjirrich?"Foar wa't benijd is nei it nûmer 'De Tocht’', it komt yn desimber út.